Ysbrechtum ‘yn de blues’

Om no te sizzen dat hiel Ysbrechtum op 13 jannewaris ‘yn de blues’ wie is oerdreaun, mar goed 70 minsten wienen dat al. Yn it doarpshûs by it nijierskonsert organisearre troch ArtYst en fersoarge troch The Alle Stars Bluesband. De frijwilligers fan it doarpshûs hienen frij tagong omdat ein 2017 de frijwilligersjûn troch omstandigheden net troch gean koe. En fierders wiene der doarpsgenoaten en bluesleafhawwers rûnom wie mar bijnamen út Snits. Trije fan de fiif muzikanten kamen dêrwei, dat fandêr. Al mei al in leuke groep minsten dy’t har oer it generaal goed fermakke. Meiinoar mar ek mei de musyk. En der waard omraak dûnse. De baromset foel wat ôf omt nochal wat minsken harren in ‘dry january’ ofwol in droech jannewaris oplein hiene. Mar goed , dy omset dat wie mar bysaak. Innoar moetsje en genietsje fan (toan)keunstners, dat wie de opset. En dat slagge. De betsjinning wie treflik en de hapkes (makke troch Eke) foelen wakker yn ‘e smaak. It libben yn Ysbrechtum soe gâns skraler wêze -minder kleurryk- as, wy ArtYst net hienen. Op 24 maart is ArtYsty der wer. Dan mei in bernefoarstelling: Ithaka mei Het Feestbeest. Alle pakes en beppes mei de bernsbern der hinne! A.I.

Reacties zijn gesloten.