Heale Tet Rozendal stie der lykwols hielendal

Heale Tet Rozendal stie

der lykwols hielendal
Tetsje Rozendal fan Kuihorne wie frijwat heal doe’t se freed it poadium fan It Nije Formidden beklom, mar lykwols stie se der hielendal. Snotterich en ferkâlden en in seare kiel mar the show must go on. Sa giet dat mei artysten, it publyk mei net teloarsteld wurde. En dat barde dan ek net. De likernôch 70 oanwêzigen waarden meinaam yn de prachtige iepenhertige ferhalen fan Tet oer de lytse en grutte leafdes dy’t se yn har libben oant no ta trochstie. Fan har earste skarreltsje dy’t har op skoalle yn de gong ferkearing frege oant har lêste (?) grutte (?) leafde (?) dy’t se op in bankje yn in park yn Londen moete. Fan in ûnbedoarn famke nei in trochlibbe frou dy’t de folsleine frijheid neistribbet en der út helje wol wat der ynsit. Fan ûndogens nifeljen nei selsbewust je earne ynstoarte sûnder te witten wêr’t je telâne komme. Mar altyd yn de bûse de bagaazje meikrigen fan beppe dy’t har der op wiisde dat âlde sinezen in brutsen stikje diggelguod net fuortsmite mar oanelkoar plakke mei lym der’t goud yn sit sadat út de brokstikken in noch folle moaier skaaltsje ûntstiet mei gouden triedden. In moaie foarstelling mei ‘never al dull moment’ ek al wie Tet net goed by stim sadat har ferskes wolris moaier klonken hawwe. As der ien wurd fan krityk klinke mei dan slacht dat op har begelieder. In treflike muzikant dat sûnder mis, mar hy hie wol wat mear respekt toane mochten foar de haadpersoan op it toaniel. As sy oan it wurd wie hold hy him wat dwaande mei oare saken, krekt as wie se der net. Dêrmei foel hy justjes út de toan. (‘Een verbeterpuntje’ soe de hjoeddeistige manager sizze. )Mar fierder neat dan lof. Al wer in moaie foarstelling yn de rige dy’t Artyst no al foar it tredde jier delset. Wat is it goed dat de Ysbrechtumers sa ticht by hûs sokke moaie jûnen belibje kinne.

Op 24 maart – de dei foar Goedfreed en Peaske- is der op ‘e nij toaniel yn it Nije Formidden. Dan spilet Theo Smedes it stik Jimmy Costello. Hy krige rûnom loovjende kritiken. “Dit mei nimmen misse”, skrieu de Ljouwerter Krante. Dat der hinne, soe ik sizze. Kaartsjes binne te besetten by Eke Romp. Foar net al te folle jild. Skilje fuort: 06- 14299666 of mail nei artyst@ysbrechtum.com

HJD

Reacties zijn gesloten.