Deadebetinking by it moaiste monumint fan Fryslân

Mei  nuânse oneliners bestride

Mei de krêft fan de nuânse kinne en moatte de oneliners fan de roppers en razers fan hjoed-de-dei bestriden  wurde.  Dat wie sa’n bytsje it boadskip dat Corry Bergstra, (FNP-riedslid ) woansdei by de jierlikse deadebetinking by it Tsjalhuzemer monumint oerbrocht út namme fan it gemeentebestjoer fan Sudwest-Fryslân. En lit ús net ferjitte, sa sei se derby, dat der op dit stuit 60 miljoen minsken op’e flecht slein binne. “Dat binne der mear as yn de tiid fan de twadde wrâldkriich. “

Moaie wurden by in stylfolle betinking opset foar de ynwenners fan Nijlãn, Tirns, Folsgeare en Ysbrechtum. Fierders wie alles it selde as altyd. Dus goed. Fjouwer mannen fan de nasjonale reserves, kreas yn unifoarm en rjocht fan rêch, It Nijlanner korps Excelsior dat mei ynmoed gesang 392 spile (Blijf mij nabij, wanneer het duister daalt. De nacht valt in, waarin geen licht meer straalt. Andere helpers, Heer, ontvallen mij. Der hulpelozen hulp, wees mij nabij), de Last Post, it twa minuten stilwêzen, it Wilhelmus, de krânsen en de blommen, de gedichten fan de bern, it Frysk Folksliet en oan it ein it betankjen fan alle minsken dy’t meiwurken. In formule dy’t noch jierren meikin.

As altyd wie it op ‘e nij in lust om wer efkes goed te sjen nei de prachtige brûnzen hoanne fan de Grinzer keunstner Willem Verf. Opstannich keart er him nei it easten der’t it gefaar weikaam en tagelyk ropt er ús op om wekker te bliuwen foar de gefaren dy’t hjoed-de-dei drige út hokke wynrjochting dan ek.  It Tsjalhuzumer hoantsje is fierwei it moaiste oarlochsmonumint fan Fryslân en net yn it lêste plak om de moaie tekst dy’t ús âld doarpsgenoat Douwe Tamminga der by betocht: “ De fûle striid tsjin fijans wrede hân, brocht ús in nije dei foar folk en lân.”

Oer Tamminga sprutsen, de man reizge yn de simmer fan 1946 –no dus 70 jier lyn- troch it Britske part fan it fersleine Dútslân. Foar de Heerenveensche Koerier makke hy 15 reisferslaggen dy’t ek no noch goed lêsber binne. Om’t dy ferslaggen neffens my nea yn in boekje bondele binne en ik se dochs graach lêze woe, haw ik se okkerlêsten by Tresoar út de krante kopiearre.  Hjirby ôflevering alve wêryn Tamminga ferslach docht fan syn besite oan it folslein platsmiten Berlyn. Wa’t mear lêze wol fan Tamminga syn skerpsinnige waarnimmings fan it Dútslân anno 1946 moat mar efkes kontakt mei my opnimme.

HJD (o6-46172794)

IMG_9949

Reacties zijn gesloten.