Is dit in kapstok.!!!!!

Is dit in kapstok.!!!!!

Wy , as spilers binne drok oan it tekstlearren, herhelje , herhelje en herhelje.
Thûs learre, dat doch ik mei in briefke op myn tekst te lizzen en dan it boekje trochlêse,
en dan besykje de tekst fan my út de holle te learren en dat sa opsizze kinne.
It leafst de tekst sa learre sa as it opskreun stiet yn it boekje , mar somtiden slagget dat net en brûke we wurden fan “gelijke strekking”. Dit kin de iene rol wol ha en by in oare rol moatte \kinne jo dat net dwaan, omdat dan de betsjutting\yntinsje fuort falt.
Ek moatte jo der omtinke dat de lèste wurden fan de sin sein wurde ,sadat jo tsjinspiler ynfalle kin, want dy heart \ falt dérop yn mei syn tekst. Hiel faak ha we dér opskour oer yn de trant fan, do hast dat net sein , en der wachtsje ik op,dus foel ik net op tiid yn. Ek is it leste wurd belangryk foar de opkomst fan de spilers, dy wachtsje op in bepaalde sin \tekst en komme dan op, en ja wanneart jo dan net de goede tekst sizze ,kinne je lang wachtsje.
Oft je thûs binne tinke je faaks dat je alles al aerdich goed kinne, mar dat falt somtiden op it toaniel sa óf, je stammerje der wat yn om en tinke te folle nei , moatte de handelingen der ek noch goed by ûnthalde en goed stean. Mar gelokkich ha wy ynsteksters en dy kinne ús wer op wei helpe.
De ynsteksters binne der by de útfieringen ek by , mar hoopje sa min moogilk wat te sizzen.
Ien kear hie ik in “black out” by in útfiering, ik wist de tekst net mear, en hearde ek de ynstekster net mear, ik stie foaroan op it toaniel en hearde ien taskóger op de earste rij sizzen, “hy wit it net mear”, en yndie , ik soe him nei sizze , ik wit it echt net mear, mar gelokkich hearde ik doe de ynstekster wer en koe doe wer fierder spylje , mar wérom en hoe oft it kaam ik wit it noch net.

Toaniel spylje is een aparte hobby !!!!! , mar wol in leuke hobby.
Gr Johannes Greidanus
 

Reacties zijn gesloten.