It wie op in sneintemiddei

Snein 10 maart spilen Jan Arendsz en Joke Tjalsma it prachtige stik ‘It wie op in simmerjûn’. Mei 126 ferkochte plakken, wie ús doarpshûs ‘t Nije Formidden stiif útferkocht. 

It stik, op de planken brocht troch Stichting Pier21 fertelt it ferhaal van Theo en Anneke en Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy en harren favorite liet: ‘t wie op in simmerjûn’. Se wurde âlder en Anneke hat soargen. In fersoargingstehûs soe in better plak wêze, mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhankelik wurde en ha hiele oare plannen. 

It publyk wie betsjoend en troch de prachtige wize wêrop dizze akteurs hun dûbelrol ynfolden. In feroaring yn ‘t ljocht en der stiene twa hiele oare minsken. 

It wie in grut sukses en as jo de kâns krije om de foarstelling, skreaun troch Bouke Oldenhof, regisearre troch Jos Thie en produsearre troch David Lelieveld, noch ergens oars te sjen, dan soe ik dat seker net litte!

 

Reacties zijn gesloten.