Jierlijkse ledegearkomste “‘t Is sa’t falt”

Tongersdei 19 oktober hienen wy fan toanielselskip ‘t Is sa’t falt ús jierlijkse ledegearkomste.
In moaie opkomst, it lytse sealtsje yn it doarpshûs fol (en ek noch 9 ôfsizzingen!). In goeie fergadering, soad ynbring, soad ynteraksje, fijn!
Goeie berjochten ek. Finansjeel stean we der goed foar, nei in soad ynspanningen yn it ôfrûne jier.
Ofskie hawwe we ek naam.
Fan Margriet Franckena (wie net oanwêzich) en Arnold Boers fan de jongereinkommisje.Sy hawwe de lêste jierren in soad tiid yn ús jeugd stutsen en mei troch harren rint dat dus ek dat it slydjaget.
Ek 2 nije besjoersleden fûn foar de jongereinkommisje, Johanna Meesters en Fimmie Holkema. Super dames!
Trea Meester is nei 6 jier út it besjoer gien.Trea hat har al dy jierren poerbêst wart. Stipt, op tiid, en stean foar de dingen dy’t se ôfpraten wie.
Mar lokkich ek foar it “grutte” bestjoer hawwe we 2 nije bestjoersleden fûn.Marjan Koster stroomt troch fanút it jongereintoaniel en bliuwt sa de link tussen it bestjoer en de kommisje.En Janke Cnossen komt it bestjoer fersterken.
Super dames!
Al mei al in moaie ledegearkomste.

Út namme fan it bestjoer,
Renske Bles, foarsitter

Reacties zijn gesloten.