Parseberjocht

P A R S E B E R J O C H T

‘Heimwee’ nei Ysbrechtum

Tryater spilet Heimwee nei Hurdegaryp, in stik mei in universeel ferhaal oer weromtinke oan de bernejierren. Ast no út Ysbrechtum komst, út Snits of hokker stêd of doarp: yn Heimwee nei Hurdegaryp binne de ferhalen werkenber foar elkenien. Mei oandwaning en somtiden hilarysk.

It rûken fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, sleatsjespringe, beltsjedrukke, aaisykje, in ferske fan BZN… Hoe is it om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe? Dêr giet Heimwee nei Hurdegaryp fan Tryater oer.

De foarstelling is te sjen op tongersdei 18 febrewaris om 20.00 oere yn It Nije Formidden yn Ysbrechtum. Kaarten binne te keap op 06-50265334 of 06-27258377. Nei ôfrin draaie spilers Lourens en Eelco plaatsjes yn Kafee Heimwee.
Foar de redaksje:

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Grietje Deinum, publisiteit Tryater, g.deinum@tryater.nl, 058-2882335

Reacties zijn gesloten.