Trio Bootsma hie mear publyk fertsjinne

Sneintemiddei wie der yn it Ysbrechtumer doarpshûs in konsert fan it trio Tsjerk Bootsma. Trije muzikanten yn ieren en sinen brochten in sprankeljend programma besteande út bekinde en minder bekende ferskes skreaun troch de Kubaarder Bootsma. Tear as it gong oer de dea, leaflik as it foarjier besongen waard en poetysk as it Fryske boeren libben it tema wie. En it slotlied koe fansels net stikken: Maria Marije de prachtige ‘song’ wêrmei Bootsma mei syn Reboelje jierren efterinoar op nûmer ien stie yn de Fryske top-100.

It konsert waard besocht troch likernôch tritich minsken, meast fan om útens. Mei oare wurden: de Ysbrechtemers lieten it manmachtich ôfwitte. Spitich, want wat is it moai as der yn eigen doarp op dit nivo wat te belibjen fâlt. It organisaerjende ArtYst wie dan ek wol in bytsje teloarsteld. HarmJan Dijkstra: “ It wie in skitterjend konsert en de minsken dy’t der wienen ha neffens my o sa genoaten. Mar it bliuwt jammer dat der sa’n bytsje minsken út eigen doarp wienen. Wy hoopje mar dat it te krijen hat mei de grutte konkurrinsje dy’t wy hienen fan oare eveneminten: Gerrit Breteler stie yn Heech, Lekker Snits wie geande en der waard in brulloft holden fan twa doarpsgenoaten. In soad fan ús potensjele besikers hienen dus oare drokte. Wy jouwe de moed dan ek net op. Op 7 febrewaris 2015 stiet Rients Gratema hjir op de planken. In geweldige kâns om de man dy’t generaasjes Friezen laitsje litten hat, nochris te bewûnderjen.  Noch ien foar it ôfwennen, hyt it programma. Allinich de titel al, dat wolle je dochs net misse?” 

IMG-20141215-WA0000

Reacties zijn gesloten.