Veteraan Korteweg uit Ysbrechtum krijgt draaginsigne

Yn Snits hawwe freedtemiddei 19 feteranen it draachynsinje krigen dat heart by de Nobelpriis foar de frede foar VN-militêren. Sy krigen de ûnderskieding yn de Martinitsjerke yn Snits, út hannen fan boargemaster Apotheker fan Súdwest Fryslân.

Yn 1988 waard de Nobelpriis foar de frede takend oan 13 VN-fredesoperaasjes. Nederlân hat oan acht fan dy fredesmissys meidien, bygelyks yn Libanon, Egypte, Congo en Libanon.

Ferline jier hat de minister fan definsje bepaald dat de militêren dy’t by de operaasjes belutsen wiene, dêr in draachynsinje foar krije kinne. Mei-elkoar binne der yn Nederlân sa’n 9000 militêren dy’t dêrfoar yn de beneaming komme.

http://www.omropfryslan.nl/nijs/677534-militeren-krije-draachynsinje-foar-nobelpriis-foar-de-frede

 

Reacties zijn gesloten.