VVV Ysbrechtum presenteert Tryater

De wierheid fan Wylgeragea

Yn in labyrint fan wierheid en geroften
De wierheid fan Wylgeragea, in nije toanieltekst fan skriuwer Kees Roorda (Ljouwert, 1967) spilet yn in plattelânsmienskip earne yn ús lân.

de-wierheid

 

 

Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant der in skaad falt oer de lytse mienskip. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it noait wer wurde sa’t it wie.

In groep minsken, in mienskip, kin samar in eigen wrâld kreëarje: De mieningen fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede?

Regisseur Jos van Kan makke ferline jier by Tryater In Leafde en Brekber.
Donderdag 3 november, 20.00 uur, Dorpshuis It Nije Formidden

Kaarten via: www.tryater.nl of bel met Tryater op nummer: 058-2539550

Reacties zijn gesloten.