VVV Ysbrechtum presenteert:

Donderdag 26 oktober 2017 speelt Tryater de voorstelling ‘Wat jo wolle’ in het dorpshuis van Ysbrechtum. Kaarten te reserveren via 06-27258377 (Marjan) of 06-50265334 (Jinke) of in Bloemenwinkel Geschikt in stijl – Ysbrechtum.

Wat jo wolle (gjin Shakespeare)
De ideale teaterjûn

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: in jûn dêr’t elkenien krijt wat hy of sy graach wol!
Tryater makket de ideale teaterjûn. Nóch mear as oars wurdt alles yn it wurk setten om it publyk it nei it sin te meitsjen. De ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in Fryske poëzyfoardracht of spektakel; alles is mooglik. It publyk kin foarôf oanjaan wat it graach sjen wol; de akteurs sille it spylje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. It wurdt firtuoas, lykas in revu dêr’t fan alles yn foarby komt.

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk giet Tryater foar in ûnferjitlike jûn teater. Smout en smûk. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting (mei ‘fette’ prizen) yn it skoft der ek.

‘All the world ‘s a stage and all the men and women merely players.’ (toch noch Shakespeare )

Konsept en regy Tatiana Pratley
Skriuwer Wessel de Vries
Spilers Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra
Foarmjouwing Sacha Zwiers
Muzyk Hilbrandt

26 oktober 2017
20.00 uur
Entree: € 16,- Freonen/CJP € 14,50

Reacties zijn gesloten.