Parasjute-jurk

In echte sneuper bin ik net, ik haw net fine kinnen wannear’t it stasjon yn Snits besketten is. It sil grif ek yn dat lêste oarlochsjier west ha.
Wy hearden fleantúchgebrom, mar folle leger as oars. It kaam tichterby en doe klonken lûde knallen. Wy hawwe earst troch it finster sjoen, it wie allegearre ljocht boppe Snits.
(Wy wennen yn Ysbrechtum en oan de eastkant fan it doarp, tusken ús hûs en de stêd wie allinne mar lân.)
Grutte ljochtkûgels hongen yn ‘e loft, wy seagen klear de fleanmasines dy’t boppe Snits nei ûnderen dûkten.
Nei in skoftke waarden wy al sa dryst dat wy ús achterhûs nei bûten weagen, stiif tsjin de muorre oan.
It hat net sa lang duorre, al rillegau setten se wer ôf.
Jelle hie al gau de pols út it hok helle. Hy hie sjoen, dat der sa’n ljochtkûgel frij tichteby, neffens him, yn it lân terjuchte kommen wie. Hy woe der op ta. Heit koe it him begripe, mar fûn it eins net sa’n goed idee. Mem en ik wiene folslein tsjin: wy mochten net iens bûten wêze, dus wêrom it gefaar op te sykjen?
Mar Jelle wie al oer de sleat en sette it lân yn. Wy bleauwen yn spanning achter. It hat in hiel skoft duorre, doe kaam er werom mei in grutte lape hiel tinne stof en in protte tou.
Heit wiis mei al dat prachtige tou, mem mei dy lape stof, wol mei de fraach: Hat nimmen dy sjoen? Nee, neffens Jelle.
De lape stof waard wosken en ús mem seach kâns om der in jurk foar my út te meitsjen en twa oerhimden foar de manlju!
Doe’t ik letter út de jurk groeide, hat Mem der in rok fan makke. Wat haw ik in wille hân fan dy lape!
It wie hearlike stof, foaral as it simmerdeis hjit wie.
It meitsjen fan de jurk wie in wurkstik fan ús beiden: Mem betocht it model en naaide de jurk, ik betocht en borduerde de blomkes, ik bin der suver noch grutsk op!
Ik kin my net mear betinke, wêrom ’t Jelle de ljochtkûgel net meinaam nei hûs, te swier miskien?

Ary Meintema-Jeltema

Reacties zijn gesloten.